Stoommasine fan Newcomen

De stoommasine fan Newcomen
Blau = wetter
Rôze = stoom

De stoommasine fan Newcomen, as 'atmosferyske (ûnderdruk) masine', is de stoommasine dy't Thomas Newcomen ûntwurp yn 1712.

Dizze stoommasine waard yn de 18e oant fier yn de 19e iuw yn Grut-Brittanje en oare lannen yn Europa yn de mynbou brûkt om wetter út de skachten te pompen. Sechtich jier nei de útfining fan Newcomen makke James Watt in ferbettere ferzje, dy't beskôge wurdt as de earste moderne stoommasine. Watt helle dêrmei in rendemint fan 19%.


Developed by StudentB